maandag 29 december 2014

Yn it heitelân

Foar twa wiken bin ik werom yn it heitelân en dêrom skriuw ik dizze kear myn blog yn myn memmetaal. Wêrom? Omdat it kin en omdat ik hjoed ’e dei hast net mear yn dizze taal skriuw, wylst it earder krekt in part fan myn wurk wie. It is yn myn eagen wichtich om de woartels trou te bliuwen en boppedat mei ik my graach yn it Frysk uterje.
 
Thús
Bron: http://nouk-san.nl/oant-sjen-fryslan/
It is moai om de famylje wer te sjen en it docht my ek goed om wer eefkes yn De Pein te wêzen. Op it stuit hawwe hast alle Sweedske en ynternasjonale studinten harren keamers ferlitten en it soe yn Uppsala dêrom no net bepaald noflik wêze om de tiid troch te bringen. Mei de krystdagen kinst mar better thús wêze.
 
Us tradisionele krystmiel
Dizze kear mei bysûndere servertsjes
Wat wier opfalt is dat it waar hjir folslein oars is. Hjir kin ik net rjochting de sinne sjen, wylst ik yn Uppsala betiden net iens sizze kin wêr’t de sinne is. Hjir binne sa no en dan fûgels te hearren, wylst de natoer yn Sweden útstoarn liket te wêzen. En hjir is it boppedat droech, wylst yn in soad lannen om ús hinne en ek yn dielen fan Nederlân sels in dik pak snie leit. Krekt yn ús provinsje leit neat.


Sinneskynwaar oerdei
It âlderlik hûs oan de oare kant fan 'e strjitte 
Fierder jout sa’n lytse ûnderbrekking fan de stúdzje ek in soad kânsen. Der kinne famyljeleden, freonen en kollega’s opsocht wurde dy’t ik in skoft net sjoen haw, ik kin boeken meinimme dy’t ik oars oerkomme litte moat mei de post, ik kin in vitamine-D foarried opbouwe sûnder dêrfoar vitaminepillen keapje te hoegen en ik kin twa wiken lang fan alles ite dat ik yn Skandinaavje net krije kin.
Hutspot mei spek
Sûrkoalovenskoatel
Oare foardielen binne dat ik de krystpreek hearre koe fan de dûmny dy’t ik like goed kin as ús eigen heit en ik aanst mei âld en nij karbytsjitte kin. Wol is it sa dat it stúdzjewurk gewoan trochgiet en ik dus noch hieltyd in soad te lêzen haw yn dizze “fakânsje”.
 
De man fan de krystpreek, no yn funksje fan heit.

De krystdagen hawwe yntusken al west, mar ik winskje jim al wol fêst in tige goed útein en folle lok en seine foar yn it nije jier, of sa’t de Sweden it sizze soene: ett gott nytt år.

Bron: http://hatoseglarskola.se/page/2/

Geen opmerkingen:

Een reactie posten